Skoallen skerper op berneporno

20 maaie 2011 - 14:35

Learkrachten op Fryske basisskoallen binne alerter, no't der dizze moanne twa bernepornosaken oan it ljocht kommen binne yn Fryslân. Dat ferwachtet ûnderwiisorganisaasje Cedin. Koartlyn binne op skoallen op It Hearrenfean en Twizel skoalmasters oppakt fanwege berneporno. Op It Hearrenfean gie it om in man dy't foto's makke fan jonkjes ûnder de dûs. De learkracht yn Twizel hie tûzenen bernepornofoto's en filmkes op syn kompjûter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)