Skoallen sjongfestival bekend

26 apr 2012 - 18:03

Der dogge dit jier njoggen skoallen mei oan de finale fan it Sjongfestival foar Bern. Sân fan har waarden keazen yn de trije foarrondes, de twa oaren krigen fan de sjuery in wildcard. Gewoanwei giet dy mar nei ien skoalle, mar omdat de sjuery fanwege de goeie kwaliteit dreech kieze koe binne der dit jier twa útrikt. Dy giene nei By de Boarne út Boarnburgum en Ds. Hasperskoalle út Akkrum.

De finale fan it Sjongfestival foar Bern wurdt op 25 maaie hâlden yn De Lawei yn Drachten. It festival wurdt ien kear yn de twa jier organiseard.

De sân skoallen dy't by de foarrondes útkeazen waarden binne 't Grovestinshof út Koudum, De Mienskip út Bûtenpost, Eben Haëzer út Dokkum, De Twine út Drylts, It Klimmerblêd út Sint Nyk, De Barte út Froubuorren en 't Finster út Warkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)