Skoallen passe programma oan

17 des 2009 - 07:34
  • Ljouwert yn de snie

Guon skoallen hawwe harren programma oanpast en bliuwe tongersdei ticht. Sa giet op ferskate plakken de krystfiering net troch, lykas op it AOC yn Bûtenpost. Ek de MBO-ôfdieling fan it AOC yn Ljouwert is ticht. Dat beslút ha de direksjes naam om't de bussen net ride. Dêrtroch kinne learlingen en personiel net op de skoallen komme. Op de websiden fan de skoallen stiet mear ynformaasje. Alle festigings fan Piter Jelles geane om 11.00 oere ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)