Skoallen nei de peaske wer iepen

14 apr 2001 - 00:00

De basisskoallen fan Dongeradiel, ek dy fan Eanjum en Ie, geane tiisdei gewoan wer iepen. Dat hat boargemaster Cazemier sneon bekend makke. De gemeente moat wol spesjale foarsjennings treffe foar de bern en masters en juffen dy't bûten de twa kilometersône wenje.

Dizze minsken wurde fersocht om har te melden by it gemeentehûs. Dan wurdt dat sa gau mooglik regele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)