"Skoallen moatte wol ticht"

20 apr 2012 - 14:15

It sluten fan basisskoallen yn de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Súdwest-Fryslân is net foar te kommen. Dat seit bestjoersfoarsitter Ep van Hijum fan de kristlike ûnderwiiskoepel Nije Gaast. Lytse skoallen binne yn ferhâlding djoerder as grutte. No't it Ryk besunigje moat, kinne net mear út.

De skoallen fan It Heidenskip, Sondel, Ealahuzen, Molkwar, Wikel en mooglik Nijemardum sille dêrom ferdwine. Fyftjin ûnderwizers krije dien. Der bliuwe njoggen skoallen oere, fiif dêrfan mei in neiskoalske opfang.

Alden binne ferbjustere oer de plannen fan de sluting. Mar wethâlder Veltman fan Gaasterlân-Sleat kin him wol fine yn de fyzje fan ûnderwiisynstelling Nije Gaast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)