'Skoallen moatte sels lobbye'

15 maaie 2004 - 00:00

It basisûnderwiis moat sels lobbye om jild foar ûnderwiisachterstânnen te krijen. Oars driget dit jild nei de skoallen yn grutte stêden te gean. Dat sei Twadde Keamerlid Tichelaar freed yn Bûtenpost. De grutte stêden rinne de doar plat yn Den Haach om it grutste part fan it jild binnen te heljen.

Minister Van der Hoeven sei earder al ta dat skoallen mei achterstânsbern yn Fryslân likefolle jild krije as dy mei in soad bern fan bûtenlânske komôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)