Skoallen krije lokalen derby

07 mrt 2006 - 16:54

Twa skoallen yn Opsterlân sitte sa krap, dat se der sa gau mooglik in permanent lokaal ekstra by krije. Dat hat de gemeente besletten.

It giet om de Flecht yn Lippenhuzen en it Ambyld yn Terwispel. It hie de bedoeling west dat se in needlokaal krije soene. Yntusken hat bliken dien dat der yn de takomst mear learlingen bykomme as dat ferwachte wie. Dêrom set de gemeente de útwreiding fan beide skoallen yn wurking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)