Skoallen ferdiele polityk Harns

20 okt 2005 - 11:29

De polityk fan Harns is slim ferdield oer de plannen foar nije skoallen yn de gemeente. Grutste diskusjepunt binne de gebouwen fan de iepenbiere en de katolike basisskoalle yn de binnenstêd. Dy skoallen krije hieltyd mear learlingen. Der binne gau nije lokalen nedich, mar wethâlder Sijbenga wol leaver dat mear bern nei in skoalle yn de Oosterparkwijk gean.

Op 9 novimber moat de gemeenteried in beslissing nimme oer nije skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)