Skoallen dogge te min oan Frysk

12 jul 2002 - 00:00

De Ljouwerter basisskoallen dogge te min oan it Frysk. De gemeente soe hjir better tafersjoch op hâlde moatte. Dat seit de FNP-riedsfraksje yn Ljouwert.

Bern fan guon skoallen yn 'e gemeente kinne it Frysk net iens ferstean, sa hat de FNP konstatearre. Jildkrapte, dosinten dy't gjin Frysk kinne en âlden dy't neat foar twatalich ûnderwiis fiele, soene de oarsaken hjirfoar wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)