Skoallen Boelensloane fusearje

12 jul 2013 - 18:30
  • Klasselokaal

De kristlike en de iepenbiere basisskoalle yn Boelensloane fusearje nei de fakânsje. Mei de gearwurking wolle de skoallen ynspringe op de te ferwachtsjen krimp yn it basisûnderwiis. De kristlike De Stile en de iepenbiere Jan van Zuylenskoalle sitte no noch rom boppe de ûnderwiisnoarm fan op syn minst 25 bern. Mar de ferwachting is wol dat it tal learlingen de kommende jierren weromrinne sil.

Om dat op te fangen, komt der no ien basisskoalle yn Boelensloane. De bern krije earst les yn it gebou fan De Stile.

Yn it kommende skoaljier wurdt in plan makke foar de húsfesting op lange termyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)