Skoallen berbetterje klimaat

26 mrt 2010 - 12:14
  • De skoalle yn Boyl

Basisskoallen yn Weststellingwerf ha jild krigen om it klimaat yn de klasse te ferbetterjen. In soad skoallen ha te lijen fan in minne atmosfear yn de lokalen. Sa is it der faak te waarm en is it lestich om frisse lucht yn de klasse te krijen. De sûnens en de prestaasjes fan de learlingen ha dêrfan te lijen.

It Ryk hat subsydzje beskikber steld foar bygelyks it ferbetterjen fan luchtta- en ôffier, of de oanskaf fan sinneskerms.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)