Skoallen bepale sels oanjefte

29 nov 2007 - 15:54
  • Earder dizze wike wie der yn Ljouwert ek al in staking

De skoallen yn Ljouwert meie sels bepale oft se stakende learlingen freed al of net oanmelde by de learplichtamtner. Dat skriuwt wethâlder Krol yn in brief oan de skoaldireksjes yn de stêd. Freed wurdt opnij aksjefierd tsjin de saneamde 1040-oerenoarm yn it ûnderwiis.

De offisjele stakingsaksje is yn Amsterdam, mar mooglik sille learlingen yn Ljouwert ek wer aksje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)