Skoallemienskip Piter Jelles klear foar komst flechtlingen

06 okt 2015 - 06:01

Skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert is klear foar de komst fan flechtlingen. Ynkoarten wurde 600 asylsikers yn it WTC yn Ljouwert ûnderbrocht. Wat it ûnderwiis foar bern âlder as 12 jier oanbelanget, wurdt tocht oan in tydlike ISK (Ynternasjonale Skeakel Klas) yn it WTC. De beide ISK-lokaasjes yn Ljouwert en Sint-Anne sitte fol. Dy binne yn it ôfrûne jier groeid fan 60 nei 250 learlingen.

Neffens Wiebe Wieling fan Skoallemienskip Piter Jelles wurdt ek tocht oan it opsetten fan in tredde ISK-plak by Dokkum, omdat dêr ek in asylsikerssintrum komt. Wat personiel oanbelanget, is der gjin probleem, seit Wieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)