Skoallelokaal wurdt jeugdhonk

03 jul 2007 - 10:17

In lokaal yn de eardere basisskoalle 't Koppel yn Gerkeskleaster/Stroobos wurdt tydlik in jeugdhonk.

It giet om in jier as trije oant it multifunksjonele gebou klear is. Dêryn komt ek de kristlike basisskoalle en it pjutteboartersplak. Foar it tydlike jeugdhonk hie ek in semipermanint gebou hierd wurde kinnen, mar de skoalle is goedkeaper. Der is hast 26.000 euro foar nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)