Skoalle yn Wjelsryp wer iepen nei opknapbeurt

28 okt 2015 - 16:17

Yn Wjelsryp is woansdeitemiddei basisskoalle De Grûnslach offisjeel weriepene, nei in flinke opknapbeurt. De skoalle is ûnder oaren enerzjysuniger makke. Ek is de skoalle no better tagonklik foar bern yn in rolstoel. Fierder is it gebou bygelyks oars yndield en is der nij sanitêr oanlein.

De ferbouwing is heal maart al begûn en wie krekt foar de simmerfakânsje klear. Wilens moast de skoalle ek gewoan iepenbliuwe foar de lessen. De ferbouwing is foar in grut part betelle troch de gemeente Littenseradiel, mar de skoalle hie sels ek sparre.

De skoalle koe woansdeitemiddei besjoen wurde troch belangstellenden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)