Skoalle yn Easternijtsjerk krijt jild foar sûn skoalplein

27 apr 2015 - 16:17
  • Skoalle Easternijtsjerk

De Foeke Sjoerdsskoalle yn Easternijtsjerk krijt tiisdei 50.000 euro foar it ûntwikkeljen fan in sûn skoalplein. Dat jild komt fan it Ryk, en it is de bedoeling dat it plein dêrmei tenei it sûne hert fan Easternijtsjerk wurdt.

Op dit stuit sjocht it plein der net sa oantreklik út, seit de skoalle, en dat moat dus oars. Bern moatte ek bûten skoaltiid graach op it plein boartsje wolle.

De Foeke Sjoerdsskoalle is de fjirde Fryske skoalle dy't jild krijt foar in sûn skoalplein. Earder krigen de Bonifatiusskoalle yn Snits, de Constantijn- en Montessoriskoalle yn Ljouwert, en it Liudger yn Drachten al 50.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)