Skoalle wurdt fitness-sintrum

13 jun 2014 - 14:41
  • Skoalle De Haven fan Tsjummearum stiet te keap
  • De winners krigen freed symboalysk de kaai fan it skoalgebou

It eardere skoalgebou De Haven yn Tsjummearrum wurdt in fitness-sintrum. Eigener Wonen Noordwest Friesland hie it gebou foar it symboalyske bedrach fan 1 euro te keap set. Mei in priisfraach is bepaald wa't de nije eigener waard. Der wienen acht kandidaten.

Uteinlik hawwe ûndernimmers Jacob Geertsma en Jakob Dijkstra it gebou wûn mei harren plan foar in fitness-sintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)