Skoalle wol fan betelling ôf

26 nov 2001 - 00:00

Skoalle De Opbouw yn Boalsert wol in ûntsleine learaar net trochbetelje. De man krige twa jier lyn dien, om't er in learlinge misbrûkt ha soe. Wetlik draait de skoalle op foar de útkearing fan de man. Der is wol in regeling dat it ministearje dy betelling oernimme kin, mar De Opbouw hat dat te let oanfrege. It skoalbestjoer hat de saak no foarlein oan de Steatsrie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)