Skoalle wol út organisaasje

19 jul 2012 - 09:38

De âlders fan learlingen op kristlike basisskoalle De Regenboog út Wikel wolle dat de skoalle ûnder in oare ûnderwiisorganisaasje komt te fallen. Se hawwe gjin fertrouwen mear yn it bestjoer fan Nije Gaast, dat no it sizzenskip oer de skoalle hat.

Nije Gaast wol de skoalle yn Wikel slute, mar neffens de âlders is der noch hieltyd gjin goeie reden jûn wêrom. Op de skoalle sitte 55 bern. De âlders hawwe Nije Gaast yn in brief witte litten dat se út de organisaasje stappe wolle. Se binne yntusken yn petear mei in ferfanger.

It beslút fan de âlders is unanym nommen, sa sizze de wurdfierders. De âlders binne sa lulk omdat Nije Gaast hiel min kommunisearret en ek ôfspraken net neikomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)