Skoalle Wâlterswâld ek wer los

15 aug 2007 - 15:52

Der sil fan moandei ôf wer gewoan les jûn wurde oan de kristlik nasjonale skoalle fan Wâlterswâld. Dat ha de gemeente Dantumadiel en de skoalle sels befestige. Foar de fakânsje krigen de learlingen earder fakânsje fan it skoalbestjoer. Har feiligens koe doe net garandearre wurde fanwege in grutte konflikt op skoalle.

It is net dúdlik oft en hoe't dat konflikt oplost is. De nije direkteur is noch op fakânsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)