Skoalle ticht om lekkerij

13 des 2011 - 12:06

Iepenbiere basisskoalle De Pôlle yn Marsum is tiisdei ûnferwachts ticht. De skoalle hat te krijen mei wetteroerlêst yn de meterkast. Oarsaak dêrfan is lead dat koartlyn fan it dak fan de skoalle stellen is. Dêrtroch binne de stoppen yn de meterkast derút slein en is der gjin ljocht en ferwaarming yn de skoalle.

De ferwachting is dat de bern woansdei wer nei skoalle ta kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)