Skoalle stjoert bern nei hûs ta

05 feb 2002 - 00:00

De katolike Paulusskoalle yn Ljouwert moast moandei goed fyftich bern nei hûs ta stjoere. Fjouwer learkrêften wiene siik en der wiene gjin ynfallers of stazjêres dy't helpe koene.

De stichting foar Katolyk Basisûnderwiis yn Fryslân is ferantwurdlik foar de Paulusskoalle. Lykwols hawwe ek iepenbiere basisskoallen te krijen mei krapte oan ferfangers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)