Skoalle Sigerswâld te keap set

07 jul 2013 - 09:50
  • Skoalgebou Sigerswâld stiet te keap

De gemeente Opsterlân hat it gebou fan de eardere iepenbiere skoalle yn Sigerswâld te keap set. Skoalle 'It Foarwurk' is ferline jier definityf tichtgien, omdat der te min bern op sieten. De 17 bern en it personiel binne oergien nei de iepenbiere basisskoalle yn Fryske Peallen, dêr't It Foarwurk mei fuseard is.

Foar de bou fan in brede skoalle mei dêryn ek de kristlike basisskoalle wie doedestiids te min draachflak. Opsterlân hat de ferkeappriis foar it âld skoalgebou set op 170.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)