Skoalle Penjum yn 'e problemen

06 jun 2003 - 00:00

Problemen op de iepenbiere legere skoalle It Leech yn Penjum. Trochdat it azc yn Wytmarsum ticht gie, wie der yn Wûnseradiel in learkrêft oerstallich en moast der ien fuort. De skoalle yn Penjum moast dy learkrêft ynleverje. Der wurdt no wurke mei ynfallers. Sûnt maart wiene dat al fjouwer.

De skoalle ferwyt wethâlder Helder dat er net op 'e tiid om 'e tafel sitten gien is foar oerlis oer de personiels- besetting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)