Skoalle Opslach nei nij gebou

04 des 2011 - 17:17

Learlingen fan basisskoalle De Opslach yn Frjentsjer ferhúzje moandei lang om let nei in nij sammelgebou oan de IIsbaanwei. Dat soe al nei de simmerfakânsje, mar troch it winterwaar wie de nijbou folle letter klear.

De bern sieten jierrenlang ferspraat oer trije gebouwen yn 'e stêd. Yn it nije gebou oan de IIsbaanwei sitte al in berne-opfang, in pjutteboartersplak en de VMBO fan middelbere skoalle RSG Simon Vestdijk. De skoalbern fan De Opslach komme dêr no by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)