'Skoalle net te tichtby'

18 jan 2005 - 12:35

Ynwenners fan Balk fine in skoalle foar 24 oeren best, mar net al te ticht yn har buurt. Dat die moandei bliken op in ynformaasjebyienkomst. De skoalle is bedoeld foar jongeren dy't fêstrûn binne yn it gewoane ûnderwiis en dy't sels oppenij begjinne wolle. It inisjatyf komt fan it Christelijk Voortgezet Onderwijs.

Der is noch net genôch jild foar de skoalle. Der wurde sponsors socht. De polityk moat der ek noch oer beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)