'Skoalle moat earder melde'

02 jun 2014 - 16:19
  • Húslik geweld

Skoallen moatte by sinjalen fan bernemishanneling of ferwaarloazing net te lang trochgean mei it opbouwen fan in dossier, mar in melding dwaan, ek as der twifel is. Dy tip jout adjunkt-direkteur Monica de Jong fan de Prins Mauritsskoalle yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert. Op de skoalle sitte yn ferhâlding in soad bern mei problemen.

De Jong reagearret dêrmei op de jongste sifers fan Jeugdsoarch Fryslân. Dêr docht út bliken dat it tal gefallen fan geweld tsjin bern ferline jier mei 24 persint tanommen is. Dy trend set dit jier fierder troch.

Monica de Jong herkent de opgeande line wat geweld tsjin bern oanbelanget. Fiif jier ferlyn hie de skoalle ien kear yn de moanne kontakt mei it Advys- en Meldpunt Bernemishanneling, no alle dagen. It sinjalearjen fan feroarings by de bern is belangryk, sa seit De Jong. Sels de lytse oanwizings moatte safolle mooglik opskreaun en bewarre bliuwe. As der dan oanwizings binne, is it belangryk troch te pakken en net te lang ôf te wachtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)