Skoalle moat 7 ton weromjaan

30 sep 2009 - 08:51
  • Friesland College moat it Ryk werombetelje dat se oan Koops jûn ha

It Friesland College moat hast 7 ton werombetelje oan it Ryk. It jild hie de skoalle oan âld-topman Klaas Koops jûn. Dat hat steatssekretaris Marja van Bijsterveldt bekend makke.

Yn in ferklearring skriuwt se dat se it net oer har kant gean litte kin dat de skoalle de eardere bestjoersfoarsitter Koops in fertrekregeling fan goed 1,3 miljoen euro betelle. De 7 ton is it ferskil tusken it bedrach dat Koops krigen hat en it bedrach dêr't er rjocht op hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)