Skoalle mei doarpshûs yn Penjum

12 des 2006 - 19:57

De bewenners fan Penjum moatte harren al jierren behelpe mei in te lytse skoalle, in gammele gymnastykseal, in doarpshús dat folslein út de tiid is en de boppeseal fan it kafee: dat kin hielendal net mear brûkt wurde.

Derom krijt it doarp in hiele nije foarsjenning dat al dy problemen oplosse moat, alteast dat is de bedoeling. Wenningkorporaasje Welkom sil it inisjatyf nimme foar de nije skoalle mei doarpsfoarsjennings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)