Skoalle Lúkswâld net ticht

15 nov 2010 - 22:13
  • De skoalle moat iepen bliuwe (foto: IBS De Hoekstien)

It rapport Vitaal Opsterlân oer de takomst fan de gemeente doocht fan gjin kanten, neffens Pleatslik Belang fan Lúkswâld. It rapport waard yn septimber oan de gemeenteried presintearre en dêryn stiet ûnder oare dat de skoallen fan Lúkswâld en oare doarpen ticht moatte fanwege de krimp.

Pleatslik Belang komt lykwols mei hiel oare sifers. It doarp sil krekt groeie yn de kommende jierren en dêrom moat de skoalle iepen bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)