Skoalle Ljouwert yn jildpine

17 apr 2011 - 10:43

Skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert sit yn jildpine. Oarsaak is dat it tal learlingen weromrint omdat de skoalle lêst hat fan in min imago, as gefolch fan de bestjoerskrisis yn 2008. Doe stapte it kolleezje fan bestjoer op nei in konflikt mei de direkteuren. Minne beoardielings fan de ûnderwiisynspeksje spylje ek mei.

Dit skoaljier hat Piter Jelles 243 learlingen minder. In wurdfierder seit dat it -sjoen de nije ynskriuwings- no al wer better giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)