Skoalle konkurrint fan hoareka

02 nov 2000 - 12:45

De hotelskoalle fan de CHN yn Ljouwert docht oan ûnearlike konkurrinsje. Dat seit ûndersyksburo Buro Eerlijke Mededinging út Woerden. It BEM koe sân fan de tolve kear sûnder problemen in diner of oernachting by de skoalle boeke.

De boekingen binne yn striid mei it konvenant tusken skoalle en Ljouwerter hoareka dêr't yn stiet dat inkeld relaasjes fan de CHN der oernachtsje meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)