Skoalle jout helte boete werom

19 mrt 2011 - 15:51

It Friesland College yn Ljouwert jout jild werom oan learlingen dy't earder dit jier in ferkearsboete krigen. By it gebou oan de Julianaleane waarden in soad ferkearsoertredings makke. Minsken fytsten op in plak dêr't it net mei. De skoalle skeakele dêrom de plysje yn.

Oertreders krigen 40 euro boete, mar dêr kamen in soad klachten oer. Goed 25 minsken krije no de helte fan 'e boete werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)