Skoalle It Hearrenfean yn aksje foar Armeen Soeren

28 maaie 2015 - 07:44
  • Soeren
  • Aksje foar Soeren op Friesland College op It Hearrenfean
  • Learlingen mei aksjeshirts foar de kamera om in filmke te meitsjen
  • Mem Nazan, earder by de aksje fan SC Hearrenfean

Op it Friesland College op It Hearrenfean is tongersdei aksje fierd foar âld-learling Soeren en syn mem Nazan. Learlingen en dosinten koene filmkes opnimme dy't dan letter op de Facebookpagina fan de aksjegroep 'Nazan moet blijven' komme te stean.

Soeren, syn mem en suske moatte werom nei Armenië nei in ferbliuw fan fjirtjin jier yn Nederlân. De aksjegroep hopet dat foar te kommen. Neffens harren is de famylje goed yntegrearre op It Hearrenfean.

Sa is mem Nazan aktyf foar fuotbalklup SC Hearrenfean en soan Soeren helpt by de lessen op it Friesland College. Yn in oere tiid hawwe goed fyftich learlingen en dosinten in filmke opnaam om de famylje te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)