Skoalle Hjerbeam te min bern

09 apr 2009 - 12:22

Alders fan bern fan basisskoalle de Moskeflapper yn Hjerbeam meitsje har soargen oer it fuortbestean fan de skoalle. Op dit stuit hat de skoalle noch mar 24 bern. De wetlike grins leit op 23. Yn in brief oan steatssekretaris Sharon Dijksma freegje de âlders om advys.

Doarpsbelang is dwaande om it grutte tal lege wenten yn it doarp bewenne te krijen. De oerkoepeljende stichting fan iepenbiere basisskoallen Radius sjocht nei oplossings foar it probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)