Skoalle Harich stap tichterby

20 des 2006 - 06:08

De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat liket foar de komst fan in 24-oersskoalle op it terrein fan de eardere gersdroegerij fan Harich te wêzen. Begjin takom jier moat it definityf beslút nommen wurde.

Tsjinstanners binne benaud dat der kriminele jongerein yn Harich opfongen wurde sil en dat soks oerlêst jaan sil. De lokale polityk fynt de 24-oersskoalle in goede ynfolling foar it terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)