Skoalle hâldt jongerewurk

16 jun 2007 - 12:40

It jongerewurk op skoalle Piter Jelles Nijlân giet foarearst troch. De ôfrûne twa jier hâlde de Stichting Wijkwerk Leeuwarden in proef op de skoalle. In ferfolch like ûnwis om't de skoalle der gjin jild foar hie. Nei oerlis mei de gemeente hat de skoalle no dochs besluten der jild foar út te lûken.

Troch de jongerewurkers binne der minder problemen. De ferliging is tydlik. Oan 'e ein fan takom skoaljier wurdt it opnij besjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)