Skoalle Goaiïngaryp stiet faai

15 sep 2011 - 14:01
  • Skoalle It Slúske (foto: Omrop Fryslân)

De takomst fan basisskoalle It Slúske yn Goaiïngaryp stiet faai. De skoalle hat te min learlingen. Se binne op it stuit drok dwaande om gearwurking mei de basisskoalle fan Terherne op te setten. It jier dat se no krije om dat goed op poaten te setten, fine se te min.

Neffens de skoalle hat wethâlder Walrecht yn 2008 dingen tasein. Se hoopje no op grûn dêrfan 400.000 euro fan de gemeente te krijen. Dat is genôch om de gearwurking op te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)