Skoalle evakuearre om reek

12 des 2011 - 15:53

Sawat hûndert learlingen en meiwurkers fan skoallemienskip Liudger yn Drachten binne út it gebou stjoerd fanwege in begjinnend brantsje. As gefolch fan koartsluting ûntstie der in soad reek yn it gebou en waard elkenien út foarsoarch nei bûten stjoerd. De koartsluting is ûntstien by in toiletblok.

It giet om de festiging fan Liudger op De Ring. Gewoanwei sitte dêr fjouwerhûndert skoalbern en dosinten. Omdat de lesdei sawat foarby wie, hoegden mar hûndert minsken evakuearre te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)