Skoalle dielt 4500 horloazjes út

05 des 2003 - 00:00

Skoallemienskip Piter Jelles bestiet fiif jier. Ta gelegenheid dêrfan krigen alle 4500 bern freed in horloazje kado fan Sinteklaas. Piter Jelles hat festigings yn Ljouwert, Dokkum, Kollum en Sint Anne.

De skoalle hat net keazen foar in grut feest, mar foar in gebrûksartikel. De bern hâlde der sa foar letter ek noch wat oan oer. 'In moaie herinnering oan nei't we hoopje in fijne skoaltiid', sa seit de direksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)