Skoalle Deinum moat útwreidzje

02 maaie 2004 - 00:00

De Master Cammingaskoalle yn Deinum moat sa gau mooglik in ekstra lokaal hawwe. Dat skriuwe B & W fan Menameradiel oan de gemeenteried.

De skoalle hat der de lêste tiid in soad learlingen by krigen. Guon bern krije no les op in gong tusken twa lokalen. Kompjûters binne yn de mienskipsromte delset. De gemeente is bang dat it ûnderwiis yn de knipe komt, as der net gau wat bart. In ferbouwing kostet sa'n 54.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)