Skoalle Brantgum stiet faai

29 mrt 2008 - 10:17

De Ids Wiersmaskoalle yn Brantgum sit yn de gefaresône. Ien learling minder en de iepenbiere basisskoalle moat ticht. Der binne op dit stuit 24 learlingen en dat is krekt genôch. In fúzje mei in skoalle yn Holwert soe in tydlike oplossing wêze kinne. Yn dat gefal mei de Ids Wiersmaskoalle mei minder as 23 learlingen twa jier trochgean.

Om mear bern op skoalle te krijen is der in promoasjekampagne optuge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)