Skoalle Appelskea te min bern

19 mrt 2010 - 12:40

Iepenbiere basisskoale De Kameleon yn Appelskea driget te ferdwinen. Op 1 april hakje se de knoop troch. Der binne no noch genôch bern, mar dat bliuwt net sa. Op 1 oktober moatte der 23 bern op skoalle sitte en dat rêde se krekt net op sa't it no liket.

Der komt noch in flyeraksje en de skoalle bliuwt yn elk gefal oant en mei de simmerfakânsje iepen. Reden foar it weromrinnend tal learlingen is dat der hieltyd minder bern yn it fersoargingsgebiet fan de skoalle wenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)