Skoalgebou Aldegea klear foar fúzjeskoalle

24 jun 2015 - 16:01

Yn Aldegea wurdt freed de nije namme fan de fúzjeskoalle fan Aldegea en Ealahuzen bekendmakke. It is de lêste echte skoaldei foar de sawat 45 learlingen fan beide skoallen. Skoalle Us Nije Gea yn Ealahuzen en De Skeakel yn Aldegea yn De Fryske Marren binne te lyts om selsstannich fierder te gean.

It skoalgebou yn Aldegea is de lêste tiid hielendal farve en opknapt. Nei de fakânsje giet dêr de nije fúzjeskoalle fan start. Dy is ek foar bern út Harich en Kolderwâlde. De nije skoalle hat in nij ûnderwiiskonsept, mear mei tablets en keunst.

Op de lêste skoaldei wurde symboalysk de tafeltsjes en stuollen fan de bern út de beide skoallen helle. Dy gean mei op in grutte wein, nei it sportfjild dêr't spultsjes dien wurde. Nei de spultsjes ride de bern nei de skoalle en om 12.00 oere hinne wurdt dan de nije namme ûntbleate. Yn de skoalwike dy't dan noch komt, kinne de bern wenne oan de nije skoalle, it nije roaster en de juffen en masters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)