Skoalbus Frjentsjer-Hitsum

12 okt 2010 - 12:23

Basisskoalle De Kabas yn Frjentsjer hat in âlde stedsbus út Rotterdam kocht om de bern nei in tydlik ûnderkommen te bringen. De skoalle wurdt ferboud en tydlike húsfesting yn Frjentsjer wie der net. De bern sitte no foar in heal jier yn 'e eardere basisskoalle fan Hitsum.

Fan 'e skoalle yn Frjentsjer nei Hitsum is it fiif kilometer. De bus moat de 120 learlingen dizze hjerst en winter nei Hitsum bringe en wer ophelje. Dêrnei is de skoalle wer klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)