Skoalbestjoer stapt op

15 nov 2007 - 10:39

It ynterimbestjoer fan de Kristlik Nasjonale Basisskoalle yn Wâlterswâld is opstapt. It bestjoer hat gjin fertrouwen yn de direkteur fan de skoalle. Dy wie earder troch it ynterimbestjoer skorst, mar de rjochter hat dy skorsing weromdraaid.

It ynterimbestjoer hat nei nije petearen mei de direkteur gjin betrouwen yn syn plannen om it ûnderwiis op de skoalle te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)