Skoalbern yn Grykse trageedzje

31 maaie 2004 - 00:00

Sân bern fan de Theun de Vriesskoalle út Feanwâlden spylje yn Antigone. It giet om it projekt 'bern en Grykse trageedzjes' fan Willem Wassenaar. Hy studearret teaterwittenskip yn Grins. Hy ûndersiket de relaasje tusken de wrâld fan bern fan 10 oant 12 jier en de tema's fan Antigone fan Sophocles.

De bern komme yn de kunde mei de klassike tekst. Mei it materiaal fan de bern sels wurdt in foarstelling makke. De útfiering is 30 juny yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)