Skoalbern yn aksje foar feiliger ferkear yn Wommels

09 apr 2015 - 10:28
  • Skoalbern en plysje yn aksje tsjin hurdriders

Skoalbern yn Wommels binne tongersdei yn aksje yn it doarp foar feiliger ferkear. Oan de trochgeande dyk lizze twa basisskoallen en der wurdt geregeld te hurd riden. Boppedat is swier lânbouferkear de lêste jierren bot tanaam. Dêrtroch is it somtiden drok en gefaarlik op de Walperterwei.

Troch in aksje mei spandoeken moat eltsenien wekker skodde wurde. De skoalbern sjogge ek nei harren sels: der wurdt frege om net op de stoepe nei skoalle te fytsen. De aksjefierende bern krigen stipe fan Doarpsbelang en fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)