Skoalbern rinne fredeskuier

26 sep 2014 - 12:21
  • Hûnderten learlingen rinne mei yn de fredeskuier

Goed trijehûndert middelbere skoalbern dogge freed yn Ljouwert mei oan in fredeskuier troch de stêd hinne. Op trije lokaasjes folgje de learlingen workshops en diskusjes dy't geane oer saken as frede en minskerjochten.

Solidair Fryslân en de Ljouwerter ynstellings foar fuortset ûnderwiis hoopje dat jongeren troch de fredeskuier bewuster wurde fan it belang fan frede en wat se dêr sels oan bydrage kinne. De fredeskuier yn de Fryske haadstêd wurdt dit jier foar de twadde kear organisearre.

Oan de ein fan de middei is der yn de Bonifatiustsjerke in ôfsluting mei live muzyk en multykulturele hapkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)