Skoalbern prate mei astronaut

03 apr 2007 - 12:40

Fatima fan 'e Potmargeskoalle yn Ljouwert mei in fraach stelle oan in astronaut yn 'e romte. De skoalle yn Ljouwert is ien fan 'e dielnimmers oan it Deltaprojekt. Alle Deltaskoallen hawwe fragen betocht en de aardichsten binne útkeazen. Fatima wol witte oft de astronaut wolris rûzje makket.

De astronaut sit yn it Ynternasjonale Romtestasjon ISS. It Deltaprojekt moat bern waarm krijen foar wittenskip en technyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)